Stambeam Jan en Richtje van der Meer » Lambertus Nanko's Warmolts (1845-1928)

Personal data Lambertus Nanko's Warmolts 


Household of Lambertus Nanko's Warmolts

He is married to Baukje Gooitsens Luimstra.Source 3

Heide:

Harkema-Opeinde bestie yn de 19e iuw allinnich mar út heidefjilden, de Hamsterheide.
Yn 'e rin fan dizze iuw fêstigen harren de earste bewenners.
It is de tiid fan de plaggehutten.
By in folkstelling yn 1839 wennen der hjir yn dit grutte heidegebiet 305 minsken.
Grutte húshâldingen en ….. earmoede troef!
En wat op syn minst sa slim wie, dizze earme heidsjers waarden troch de omlizzende doarpen faak mei de nekke oansjoen.
Se waarden beskôge as de paria’s fan de maatskippij.
De tsjerklike skiedslinen fan de fjouwer al besteande Herfoarme Gemeenten (Surhústerfean, Droegeham, Surhuzum, Stynsgea) rûnen tige ûndúdlik oer it heidegebiet.
Fan struktureel pastoraal wurk is mei dêrtroch amper sprake en de tsjerkegong benammen nei Droegeham, is ta in inkeling beheind.

Warmolts:

Gjin tsjerklik libben dus, oant Lambertus Warmolts der him mei bemuoie sil. Dizze dûmnys soan, ôfkomstich út Bedum, fêstiget him as boer yn de buorskip Fjouwerhuzen. Op itselde plak dêr 't no de fam. Hiemstra wennet. Op de grutte feestalling ‘ efter de feart ’ hawwe de Hiemstra’s in boerd pleatst mei de namme ‘ Ds. Warmoltshiem. In tsjerkehistoarysk plak. En lykas bekend fine wy de namme ‘ Warmolts ’ ek werom yn ien fan de haadstrjitten fan De Harkema. Doe 't boer Warmolts ris in besite brocht oan syn sike boerefeint, waard er troffen troch de ferskriklike libbensomstannichheden dêr 't de heidtsjers ûnder libje moasten. Mar ek de geastlike earmoed trof de rûzige Warmolts. Dêr moast wat oan dien wurde, fûn er.

Houten skuorke:

Hy luts nei de omlizzende doarpen en grypte alle gelegenheid oan om de minsken op harren ferantwurdlikheid foar de meiminske te wizen.
By de iepening fan de kristlike skoalle yn Surhuzum kaam er mei ƒ 12,50 thús.
Mar al gau dêrnei hie er in bedrach fan f 250 by elkoar krigen.
Genôch om op 'e heide in houten skuorke te bouwen, dat as in soarte fan evangelisaasjepost tsjinst dwaan koe.
Der wurdt sein dat dit houten skuorke foar de hjoeddeistige grifformearde tsjerke oer stien hawwe soe, mar ik haw dat net befêstige krije kinnen.
Boppe de doar fan dit ‘ tsjerkje ’ wie in rút oanbrocht dêr ’t op skreaun stie: ‘ Sjocht hjir Gods finger ’.
De flier bestie út sân en der wiene gjin stuollen.
In peal yn 'e grûn mei in buordsje deroan timmere tsjinne as lesseer foar de bibel.
Wy prate no oer it jier 1883.

Warmolts as pastor:

De evangelisaasje bestie ynearsten út allinnich sneinsskoallewurk troch Warmolts, tegearre mei syn styfdochter Antje Buma.
Mar doe 't de bern mei de ferhalen dy 't se op 'e sneinsskoalle heard hiene, thúskamen, waard de belangstelling fan 'e âlden ek prikele.
Dat Warmolts begûn ek mei ienfâldige preken.
Earst lies er syn preken foar, mar al gau wist er de net-letterde Warmolts de minsken te boeien mei foar de fûst wei te preekjen.
Hy brûkte dêrby - fansels soe ik hast sizze - in soad bylden út it deistich libben.
Woe er syn hoarers bemoedigje en hy koe sa gau net betinke hokker wurden oft er dêrfoar brûke moast, barde it wol gau ris, dat er sei: " Mar salang 't de leppel yn 'e mais stiet dan treurje wy noch net.
Dat er de ‘ tale Kanaäns ’ spruts, docht ek bliken út syn útspraak: “ Dy grouwe boeren út Droegeham en de earme minsken fan de heide binne foar God allegearre gelyk!
" Dúdliker koe er it de minsken net meitsje.

In stiennen tsjerkje:

Al gau wie it houten ‘ tsjerkje ’ te lyts.
Nei 't it yn earste ynstânsje noch wat grutter makke waard, waard yn 1891 in echte stiennen tsjerkje boud, op itselde plak dêr 't no de hjoeddeiske Geref.
Tsjerke stiet.
Dat koe realisearre wurde mei stipe fan de omlizzende gemeenten.

Untstien fan de Geref.Tsjerke:

Dochs fielde de fan hûs út herfoarme Warmolts him wat yn 'e steek litten, doe 't er tandering socht ta de herfoarme predikanten yn 'e omkriten.
Hy wie fansels gjin ‘ echte ’ dominy.
En je witte hoe 't dat giet.
Dominys binne ek minsken!
Dêrfandinne dat Warmolts yn 1892 him mei al syn folgelingen oansleat by de lanlike Grifformearde Tsjerken.
In feit dêr 't de heidtsjers har doe net drok oer makken.
Ommers, wat pake Warmolts sa 't er faak neamd waard, sei en die, wie altyd goed!

Fertrek fan Warmolts

Dat Warmolts in drok libben hân hat, hat gjin twivel.
Neist syn predikantewurk, wie er ommers ek noch boer!
Doe 't syn frou yn 1904 ferstoarn wie, naam er ôfskie fan de gemeente.
Hy ferhuze nei syn soan yn Strobos Hy stoar yn 1928 en leit yn Stynsgea begroeven.
Syn namme skynt net op 'e grêfstien te stean.

In bloeiende Geref.Tsjerke

Werom nei de Grifformearde Tsjerke.
Yn 1907 waard de earste ‘ echte ’ dûmny beroppen: Ds. J. Langhout út Grins.
De pleatslike tsjerke kaam ta bloei.
De gemeenteleden seagen it nut fan in kristlike skoalle yn mei as gefolch dat de Geref.skoalle ‘ Rehoboth ’ yn 1908 waard boud.
It earste haad wie master K. Kamminga.
De âldste generaasje Harkemasters hat noch by him yn de klasse sitten.

In nije Geref. Tsjerke:

It stiennen tsjerkje waard al gau wer te lyts. It waard ôfbrutsen en yn 1913 ferriisde op itselde plak it hjoeddeiske hast monumintale tsjerkegebou. Timmerman fan dizze prachtige tsjerke is Gerben Land. Pake Gerben, sa 't er troch syn neiteam op 'e Harkema en Surhústerfean neamd wurdt. Deselde Land bout in jier letter de grifformearde pastorij njonken de tsjerke.

In sprong yn de skiednis

Wy meitsje in spronkje yn de skiednis. It is 1926. Noch altyd is der mar ien tsjerke op De Harkema, de grifformearde tsjerke. Mar dêr sil gau feroaring yn komme.

Wy moatte efkes nei de lanlike tsjerkeskiednis. Der is op it heechste tsjerklike nivo in striid ûntstien. In leauwensstriid dy 't him taspitste op Genesis 3. Moatst it ferhaal fan de sprekkende slang letterlik opfetsje, m.a.w. hat de slang werklik praat? De Amsterdamske predikant dr. Geelkerken fûn fan net. Hy learde dat Gods iepenbiering hjir werjûn wurdt yn byldzjende taal, dy 't men dus net letterlik opfetsje moat. Doe 't er dizze miening folhold foar de grifformearde synoade fan Assen, wiene de rapen gear. Hy waard skorst en ôfset as predikant. Dit dogmatyske probleem sil de skiednis yngean as ‘ de kwestje Geelkerken ’. De earste barst yn it sterke grifformearde bolwurk is spitigernôch in feit. Dêrnei sil it altyd ûnrêstich bliuwe yn de grifformearde tsjerken mei as nij djiptepunt 1946 as de miening fan de Kampense heechlearaar Schilder foar de doop en de werberte yn botsing komt mei de fyzje fan de grifformearde teolooch Kuyper. Dat betsjut in nije skuorring en it ûntstean fan de Geref. Tsjerken ûnderhâldende art. 31 fan de Dordtse Tsjerke oarder is in feit.

Werom nei de kwestje Geelkerken

Nei boppesteand útstapke, werom nei de gefolgen fan de útspraak fan de Synode fan Assen yn 1926. Lykas sa faak ûntstiet nei in mieningsferskil op tsjerklik terrein in sniebal effekt. De tsjerkeried fan de Geref. Tsjerke yn Amsterdam stelt him efter har predikant ds. dr. Geelkerken op. Sy komme dêrtroch bûten it ferbân fan de Geref. Tsjerken te stean. Mar der komme mear predikanten en tsjerkerieden dy 't it net mei it beslút fan de Synoade fan Assen iens binne en har achter ds. Geelkerken skeare.
Ek yn Harkema-Opeinde komt it ta in botsing tusken de tsjerkeried en de doetiidske predikant ds. dr. N.D. van Leeuwen.

Skuoring op De Harkema:

De klassis Drachten bûcht him op fersyk fan ôffurdigen út De Harkema oer de problemen.
Resultaat: Ds.
Van Leeuwen wurdt tastien te preekjen, mar ‘ oer syn ferskil fan fûgeltsjes ’ moat er swije.
De klassis jout de tsjerkeried fan De Harkema de wize les mei it net op in skuorring oankomme te litten, mar erkent tagelyk dat de tsjerkeried nei de útspraak fan de Synoade fan Assen, it rjocht hat de predikant te skorsen.
En dat lêste bart ek.
Nei in dramatysk foarbygean tsjinst, ferlit ds. Van Leeuwen de preekstoel, folge troch in tal tsjerkegongers.
De skuorring op De Harkema is in feit!
In swarte bledside yn de tsjerkeskiednis fan De Harkema.
In 60 - tal meigiene belidendende leden ûntfange op 2 jan. 1928 in brief(ke) fan de griif.
tsjerkeried mei de fermelding ‘ dat Jo fanwegen Jo skismatike hannelingen opholden hawwe lid te wêzen fan de Geref.
Tsjerke.
( schisma = tsjerke - of geloofseuring) Yn totaal folgje 23 tsjerken en 19 predikanten ds. Geelkerken.
Yn totaal in sieletal fan sa. 7000.
Yn Fryslân giene njonken Harkema-Opeinde ek Aldemardum en Makkum mei.

Wersteld Ferbân

De bûten it ferbân fan de Geref.
Tsjerken wâde tsjerken sochten inoar en ` herstelden it ferbân '.
Se waarden dêrom it ' Hersteld Verband ' (de “ HV-ers ”) neamd.
Offisjeel de “ Geref.Kerken in Hersteld Verband”.

Swarte bledside:

Net in swarte, mar in inketsswarte bledside yn de tsjerkeskiednis fan De Harkema.
Dit hie noait wêze moatten!
Harkema-Opeinde slikket de wûnen.
Skuoringen dy 't dwers troch famyljes hinne rinne mei alle ferskriklike gefolgen dêrfan.
Dit barren sil noch in hiel skoft djippe spoaren efterlitte yn de Harkemaster doarpsmienskip.
Nammen as van der Meer, van der Ploeg, Kootstra, van der Heide, Roorda, Storm, Postma, Bijma, Van der Berg, Merkus, Rinsma, Land, Schippers en tal fan oaren binne nau belutsen west by dit ferskriklike barren.
Fan dejingen dy 't bewust dizze striid meimakke hawwe, binne der amper noch yn libben.
Hjir jildt ek, slachten komme en slachtsje gean.
Gelokkich binne yn de hjoeddeiske generaasje de skerpe kantsjes en dêrmei de hate - en niidgefoelens ferdwûn.
Want as der wat is dat net ûnder leauwigen heart foar te kommen, dan is it dat wol tsiere yn tsjerke!.

Underdak:

Under lieding fan ds. Van Leeuwen sykje de ‘ Hersteld Verbanders ’ ûnderdak.
Wol in predikant, mar gjin tsjerke!
By de grifformearden is it krekt oarsom.
Alhoewol 't de grifformearde bruorren en susters in jier letter (1929) de fakatuere al wer fol sjogge mei de komst fan ds. L. Tiesinga.
Hy sil de gemeente tsjinje oant 1961!.

Klompeskuorre:

Hendrik v.d. Berg (pake fan Hendrik en Sietske v.d. Berg oan de Warmoltsstrjitte) stelt syn klompeskuorre beskikber as ûnderdak foar de ‘ HV-ers ’.
Dizze skuorre stie achter syn hûs oan de Warmoltsstrjitte.
De skuorre wurdt earst hierd en yn maart 1928 kocht foar f 400,10.
De ta tsjerke omboude skuorre kin sa 'n 200 stuollen bergje.
Hendrik v.d. Berg sels wurdt beneamd ta koster.

“ In skuorre oant timpel ”

25 nov. 1927 is de grutte dei: de tsjerke of wat dêr dan ek foar trochgean mei (de tsjerkegongers wurde wolris spottend ‘ hokkelingen ’ neamd ), wurdt yn gebrûk naam.
Fansels giet ds. Van Leeuwen foar yn dizze bysûndere tsjinst: “ Een schuur is tot tempel geworden ”.
Hy preket nei oanlieding fan de tekst út Joh. ~~~ 8: 31 en 32: “ Als gij in mijn woord blijft, zijn gij waarlijk discipelen van Mij en gij zult de waarheid verstaan en de waarheid zal u vrijmaken ”.
Alle stuollen binne alle sneinen beset en ek meileauwigen út de wide omkriten komme nei de klompeskuorre.
En dat nettsjinsteande dat de kachel it gebouke amper waarm krije kin en it fan tiid oant tiid behoarlik siicht.
Treffend is dan ek dat de earste útjefte dy 't neamd stiet yn it kasboek fan de tsjerkfâdij bestiet út 1 mud antraciet à f 3, – en 1 mud cokes à f 1,40!.

Nije tsjerke

Al gau wurde plannen beramme om as ' Geref.
Tsjerke yn Hersteld Verband ' in ' echte ' tsjerke te bouwen.
De tige belutsen gemeenteleden komme yn dy tiid fluch ta in beslút.
Want op 19 maaie 1928 wurdt in perseel heidegrûn kocht fan Gerben Land.
It is deselde pake Lân, dy yn 1913 de Geref.
Tsjerke boude.
Ek hy hearde nei de folgelingen fan ds. Van Leeuwen en stapte nota bene út de troch himsels boude tsjerke!
It kin hast net oars as dat de nijbou gund wurdt oan timmerman Gerben Land.
Dat bart dan ek!
Op 10 july 1928 leit ds. Van Leeuwen de earste stien.
In feestdei fansels!
In blik yn it kasboek fan de tsjerkfâdij jout oan dat in pear dagen foar de earste stien by winkelman R. Veenstra (Roele-Griet) wyn ôfrekkene is foar f 3,75!
Der wurdt tige hurd wurke mei as resultaat dat amper fjouwer moanne letter (8 nov. 1928) de nije tsjerke yn gebrûk naam wurde kin.
Under de útnûge lju sit ek ds. dr. Geelkerken dy 't yn syn taspraak memorearret de stipe dy 't men û.o. krige út Harkema-Opeinde ' doe 't men yn Amsterdam-Z.
gansch isolearre stie en bestookt waard ".
De gemeentesang wurdt begelaat troch in tal leden fan it muzykkorps.
Dizze 8e novimber fan it jier 1928 is in histoaryske dei: “ De Gereformeerde Kerk in Hersteld Verband ” op De Harkema hat in eigen tsjerke.
In histoaryske, mar ek in blide en tankbere dei, nei alle tsjerklike ellinde dy 't men yn de lêste pear jier meimakke hat!.

Yndieling tsjerke

It nije tsjerkegebou oan de Warmoltsstrjitte hie uterlik deselde omfang as it hjoeddeistige gebou no noch hat.
Yntern wie der wol in ferskil.
Fan de galerij ôf nammentlik waard it tsjerkediel ôfskerme mei sketten.
Dêrtroch ûntstiene romte ûnder de galerij waard brûkt as konsistoarje en as ferieningsromte.
Al gau docht bliken dat it tsjerkepart te lyts is.
De sketten wurde fuorthelle en dat skeelt aardich wat sitplakken.
Oan de achterkant wurdt in konsistoarjekeamer mei puntdak en in gearkomsteromte boud.
Ien en oar waard realisearre yn 1933.
Underwilens hat ús gemeente sa ’t jim allegear witte de beskikking oer in modern bygebou ‘ de Rank ’.

Ds. Ter Schegget

Doe 't ds. van Leeuwen yn 1929 nei Ljouwert ôfreizge, waard yn datselde jier de jonge predikant J. ter Schegget út Amsterdam beroppen.
Under dizze entûsjaste en hertstochtlik prekende hoeder en learaar komt de Hersteld Verbandgemeente ta grutte bloei.
De pastorij is noch net hielendal klear as ds. Ter Schegget syn yntree docht.
De nije predikant nimt dêrom foarearst syn yntree yn in sydkeammerke fan de wenning fan Hendrik v.d. Berg.
Under ds. Ter Schegget groeit de gemeente nei 573 sielen, wêrfan 123 belijend lid.
Ea hat de by elkenien bekende en populêre ds. J. Buskes út Amsterdam op De Harkema preke.
It die bliken dat de tsjerke doe fierstente lyts wie!

De jierren tritich

De tritiger jierren steane yn de skiednisboeken bekend as de foaroarlochske krisisjierren.
Yn Harkema-Opeinde mei in soad wurkleasheid en faak hiel grutte húshâldingen, wie de earmoede grutter as wêr dan ek.
Ds.Ter Schegget krige dêr yn syn pastorale wurk deistich mei te meitsjen.
Fan 'e preekstoel ôf stuts er yn 'e preken de earmen faak in hert ûnder de riem.
Mar hy liet it net allinne by wurden.
Foaral om de krystdagen hinne hâlde er ûnder de gemeenteleden, mar ek wol oan net-gemeenteleden, útdieling fan klean dy 't er yn Amsterdam sammele hie.
De rollen fet dy 't er útdielde, fûnen ek happich ôftrek.
Doe 't er yn 1933 foar de twadde kear út Amsterdam wei in berop krige en fan de kânsel ôfkundige dat er it berop oannaam, barste ferskate gemeenteleden yn triennen út!

Nije predikanten

Lange fakante perioaden bestiene blykber yn dy tiid net.
Want yn itselde jier noch komt ds. dr. B.A. Venemans nei Harkema-Opeinde.
It sieletal fan ús gemeente is ûnderwilens omheech gien nei 600.
Nei in ferbliuw fan 10 jier, giet ds. Venemans fuort.
Wy sitte midden yn de 2e Wrâld Oarloch, mar ek dat is gjin behindering om in fakatuere ferfolle te krijen.
Yn 1943 is ds. J. Blonet de nije foargonger fan ús ‘ Geref.Tsjerke yn Hersteld Verband.

De tiid fan de 2e Wrâld oarloch

It is behelpe yn de tsjerke troch de beheiningen dy 't de Dútske besetter opleit. It ferieningslibben leit foar in grut part stil. De diakony besiket mei de tige beheinde mooglikheden dy 't se hat, widdowen en in tekoart lijende húshâldingen fan fet te foarsjen.

1946, hereniging mei de ned. Herv. Kerk

Wy komme 1946 tichterby.
In wichtich jier yn de tsjerkeskiednis, sawol lanlik as ek hjir op De Harkema.
De oarloch is yntusken foarby.
Dat jout nije ympulzen en nije enerzjy.
Fan it begjin ôf oan hawwe de ‘ HV-ers ’ it Hersteld Verband sjoen as in needwenning en net as in nije tsjerke njonken alle Reformatoaryske tsjerken dy ’t der yn Nederlân al wiene.
Lanlike besykjen om wer op nommen te wurden yn it ‘ âlde ’ ferbân fan de Geref.Tsjerken strânen.
Temeer om 't de Geref.Tsjerken al gau te meitsjen krigen mei in nije krisis, nammentlik it ûntstean fan de Frijmakke Tsjerken (1946 ).
Ik haw dat al earder neamd yn dit oersjoch.
Toenadering ta de Ned. Herv. ~~~ Kerk late lykwols ta sukses.
Op 15 maaie 1946 feriene de ‘ Geref.
Tsjerken yn Hersteld Verband him mei de Nederlands Hervormde Kerk.
Op De Harkema die him in bysûnder probleem foar.
Geargean mei de Herfoarme Tsjerke, mar dy wie der ommers op 'e Harkema net.
Fandêr dat op 19 maaie 1946 de Ned. Hervormde Gemeente ynstituten (ynsteld) waard.
Ds. Blonet gie yn dizze tsjinst foar.
En dêrmei wie de oergong nei de Ned. Herfoarme Kerk in feit!
Net elk gemeentelid wie gelokkich mei de oergong nei de ned. Herv.Tsjerke.
In tal húshâldingen gie net mei.
It grutste part dêrfan liet him oerskriuwe nei de Chr. Geref.Tsjerke yn Droegeham.

“ In wolk as ris in man syn hân ”

Dochs moatte wy dizze oergong nei ús Heitelânske Tsjerke as in seine sjen.
In soan fan ds. Venemans, ek predikant, skreau yn in tsjerklik periodyk: “ Geelkerken zag in deze hereniging ‘ een kleine wolk als eens mans hand ’ aan de vaderlandse, tsjerklike hemel, en sprak de bede uit dat God haar tot een voorbode zou maken van een overvloedige zegen ”.
Ds.Venemans skreau yn it boppeneamd artikel: “ Naar mijn mening kunnen wij bovenal leren van de geestelijke instelling, die het H.V. tot hereniging heeft gebracht.
Hja hiene de moed om de burgenheid fan de eigen groep as tydlike needwenning te karakterisearjen en dy op te jaan foar in rommere behuzing om yn grutter ferbân behelle te reitsjen yn de gruttere taak fan de tsjerke yn de maatskippij ”.

Wy pakke de line wer op

Fan 1946 ôf hawwe wy op De Harkema dus in Herfoarme Gemeente.
In bysûndere situaasje, want yn de measte doarpen en stêden is de Herfoarme Tsjerke folle âlder en meastal ek folle âlder as de Geref.
Tsjerken yn Nederlân.
Ds. Blonet is dus ús earste Herfoarme predikant.
Net foar lang lykwols, want per 1 jan. 1948 set de graach sjoene predikant ôf nei Goaiïngea.

Evangelisaasje

De wichtichste feiten fan de skiednis fan ús tsjerke steane no op papier.
Ik gean no mei sânmylslearzen de lêste perioade troch.
Wol moat ik noch efkes folsleinlik stilstean by it feit dat yn 'e twadde helte fan 'e fjirtiger jierren in soarte fan evangelisaasjepost stien hat oan 'e Nijewei, dêr 't no Bijkon fêstige is.
It wie in inisjatyf fan in tal Hervormde Gemeentes út de regio tegearre mei De Harkema om wat makliker de minsken dy 't oan de bûtenkant fan Harkema-Opeinde wennen, te berikken.
Der waard sels in tsjerkje boud, letter yn gebrûk fan it oerhimden fabryk Fablo út Enschede.
Iene Porceleijn, ûnderdûker yn Droegeham yn de oarloch, hat dêr in skoftke helppreker west.
Yn dy tiid waard ek de Hervormde School (yntusken ôfbrutsen) en it Hervormde Jeugdgebouw (no aula) boud.
Mei it neamen fan de namme Porceleijn is de kâns oanwêzich dat alderlei negative assosjaasjes oproppen wurde en dêrom gean ik dêr hjir net fierder op yn.

Oare predikanten

Ds.Blonet wurdt yn 1948 opfolge troch ds. R. Middelkoop, assistearre troch fikaris J. van Tent.
En dêrnei tsjinje ds. L. gâns, ds. A.M.C. Franken, ds. A Jonkman, ds. J. Kawarman, ds. W.J. v. Dijk, ds. J.W. Slok, ds. M.C. Molenaar-Dekker ús gemeente.
En op 't heden (2023) is ds. dr. D. van den Bosch-Heij ús predikant.

1946 – 1996 Us Herfoarme Gemeente bestiet 50 jier.

Op sneintemiddei 10 nije. ~~~ 1996 wurdt der in betinkingstsjinst holden dêr 't ds. J. W. Slok yn foargie.
Hy hold syn preek nei oanlieding fan Haggai 2:10, wêr stiet: “ De toekomstige heerlijkheid van dit huis zal groter zijn dan de vorige ”.
Ds.
Blonet dy 't as predikant yn 1946 de oergong nei de hergl. Tsjerke op De Harkema meimakke, fierde it wurd, lykas soannen fan ds. Ter Schegget en ds. Venemans.
Foar de dúdlikheid noch even in oersichtsje fan de wichtichste tsjerkeskiednisfeiten fan De Harkema, yn it bysûnder fansels foar de hjoeddeiske tak, de Protestantse Gemeente Harkema:

1883 Lambertus Warmolts –Houten skuorke

1891 It earste (stiennen) tsjerkje

1892 It ûntstean fan de Grifformearde Tsjerke

1913 De Grifformearde Tsjerke wurdt boud

1926 Kwestje Geelkerken

1927 Ds. N. van Leeuwen wurdt út it amt set
Tsjerketsjinsten yn de klompeskuorre

1928 Oansluting by de Geref. Tsjerke yn
Hersteld Ferbân.
De hjoeddeistige tsjerke wurdt boud troch
de ‘ HV-ers ’.

1929 Ds. J. ter Schegget (1929-1933)

1933 Ds. B. Veenemans (1933-1943)

1943 Ds. J. Blonet (1943-1948)

1946 Oergong fan de “ Geref. Tsjerke yn
Hersteld Ferbân ” nei de Nederlânsk
Herfoarme Tsjerke

1948 Ds. R. Middelkoop (1948-1960)

1961 Ds. L. Nagtegaal (1961-1965)

1966 Ds. A. Franken (1966-1972)

1973 Ds. A. Jonkman (1973-1977)

1978 Ds. A. Kawarman (1978-1983)

1985 Ds. W.J. van Dijk (1985-1992)

1993 Ds. J.W. Slok (1994- 2006)

1996 50-jarig jubileum Nederlânske Herfoarme
Gemeente

2004 Fusearring nei de Protestantske Tsjerke
yn Nederlân (PKN )

2008 Ds. M.C. Molenaar-Dekker (2008-2012)

2013 Ds. D. van den Bosch-Heij (2013-

They got married on July 19, 1872 at Gemeente Achtkarspelen, Friesland, Nederland, he was 26 years old.Source 4

Houliksregister 1872,
argyfnûmer 30 -01,
Boargerlike Stân Achtkarspelen

Child(ren):


Do you have supplementary information, corrections or questions with regards to Lambertus Nanko's Warmolts?
The author of this publication would love to hear from you!


Timeline Lambertus Nanko's Warmolts

  This functionality is only available in Javascript supporting browsers.
Click on the names for more info. Symbols used: grootouders grandparents   ouders parents   broers-zussen brothers/sisters   kinderen children

Ancestors (and descendant) of Lambertus Nanko's Warmolts


    Show complete ancestor table

    With Quick Search you can search by name, first name followed by a last name. You type in a few letters (at least 3) and a list of personal names within this publication will immediately appear. The more characters you enter the more specific the results. Click on a person's name to go to that person's page.

    • You can enter text in lowercase or uppercase.
    • If you are not sure about the first name or exact spelling, you can use an asterisk (*). Example: "*ornelis de b*r" finds both "cornelis de boer" and "kornelis de buur".
    • It is not possible to enter charachters outside the standard alphabet (so no diacritic characters like ö and é).



    Visualize another relationship

    Sources

    1. https://www.allegroningers.nl/zoeken-op-naam/deeds/a68b25d5-4f0b-4876-f357-ffaeab0d5057
    2. https://www.allegroningers.nl/zoeken-op-naam/deeds/8ccc86b6-566b-4505-fd58-faaecfb87b45
    3. http://www.pknharkema.nl/pkn-harkema-2/geschiedenis/#
    4. Tresoar, ynventarisenûmer 2022, aktenûmer 0056

    Historical events

    • The temperature on October 18, 1845 was about 15.0 °C. Wind direction mainly west. Weather type: betrokken regen. Source: KNMI
    •  This page is only available in Dutch.
      De Republiek der Verenigde Nederlanden werd in 1794-1795 door de Fransen veroverd onder leiding van bevelhebber Charles Pichegru (geholpen door de Nederlander Herman Willem Daendels); de verovering werd vergemakkelijkt door het dichtvriezen van de Waterlinie; Willem V moest op 18 januari 1795 uitwijken naar Engeland (en van daaruit in 1801 naar Duitsland); de patriotten namen de macht over van de aristocratische regenten en proclameerden de Bataafsche Republiek; op 16 mei 1795 werd het Haags Verdrag gesloten, waarmee ons land een vazalstaat werd van Frankrijk; in 3.1796 kwam er een Nationale Vergadering; in 1798 pleegde Daendels een staatsgreep, die de unitarissen aan de macht bracht; er kwam een nieuwe grondwet, die een Vertegenwoordigend Lichaam (met een Eerste en Tweede Kamer) instelde en als regering een Directoire; in 1799 sloeg Daendels bij Castricum een Brits-Russische invasie af; in 1801 kwam er een nieuwe grondwet; bij de Vrede van Amiens (1802) kreeg ons land van Engeland zijn koloniën terug (behalve Ceylon); na de grondwetswijziging van 1805 kwam er een raadpensionaris als eenhoofdig gezag, namelijk Rutger Jan Schimmelpenninck (van 31 oktober 1761 tot 25 maart 1825).
    • In the year 1845: Source: Wikipedia
      • The Netherlands had about 3.1 million citizens.
      • March 11 » Flagstaff War: Unhappy with translational differences regarding the Treaty of Waitangi, chiefs Hone Heke, Kawiti and Māori tribe members chop down the British flagpole for a fourth time and drive settlers out of Kororareka, New Zealand.
      • March 25 » New Zealand Legislative Council pass the first Militia Act constituting the New Zealand Army.
      • July 4 » Henry David Thoreau moves into a small cabin on Walden Pond in Concord, Massachusetts. Thoreau's account of his two years there, Walden, will become a touchstone of the environmental movement.
      • November 20 » Anglo-French blockade of the Río de la Plata: Battle of Vuelta de Obligado.
      • December 27 » Journalist John L. O'Sullivan, writing in his newspaper the New York Morning News, argues that the United States had the right to claim the entire Oregon Country "by the right of our manifest destiny".
      • December 29 » In accordance with International Boundary delimitation, the United States annexes the Republic of Texas, following the manifest destiny doctrine. The Republic of Texas, which had been independent since the Texas Revolution of 1836, is thereupon admitted as the 28th U.S. state.
    • The temperature on July 19, 1872 was about 15.0 °C. The atmospheric humidity was 81%. Source: KNMI
    • Koning Willem III (Huis van Oranje-Nassau) was from 1849 till 1890 sovereign of the Netherlands (also known as Koninkrijk der Nederlanden)
    • In The Netherlands , there was from January 4, 1871 to July 6, 1872 the cabinet Thorbecke III, with Mr. J.R. Thorbecke (liberaal) as prime minister.
    • From July 6, 1872 till August 27, 1874 the Netherlands had a cabinet De Vries - Fransen van de Putte with the prime ministers Mr. G. de Vries Azn. (liberaal) and I.D. Fransen van de Putte (liberaal).
    • In the year 1872: Source: Wikipedia
      • The Netherlands had about 4.0 million citizens.
      • March 11 » Construction of the Seven Sisters Colliery, South Wales, begins; located on one of the richest coal sources in Britain.
      • April 10 » The first Arbor Day is celebrated in Nebraska.
      • May 22 » Reconstruction Era: President Ulysses S. Grant signs the Amnesty Act into law, restoring full civil and political rights to all but about 500 Confederate sympathizers.
      • November 29 » American Indian Wars: The Modoc War begins with the Battle of Lost River.
      • November 30 » The first-ever international football match takes place at Hamilton Crescent, Glasgow, between Scotland and England.
      • December 4 » The crewless American brigantine Mary Celeste, drifting in the Atlantic, is discovered by the Canadian brig Dei Gratia. The ship has been abandoned for nine days but is only slightly damaged. Her master Benjamin Briggs and all nine others known to have been on board are never accounted for.
    • The temperature on September 25, 1928 was between 3.3 °C and 12.4 °C and averaged 8.5 °C. There was 0.1 mm of rain. There was 0.7 hours of sunshine (6%). The average windspeed was 2 Bft (weak wind) and was prevailing from the northeast. Source: KNMI
    • Koningin Wilhelmina (Huis van Oranje-Nassau) was from 1890 till 1948 sovereign of the Netherlands (also known as Koninkrijk der Nederlanden)
    • In The Netherlands , there was from March 8, 1926 to August 10, 1929 the cabinet De Geer I, with Jonkheer mr. D.J. de Geer (CHU) as prime minister.
    • In the year 1928: Source: Wikipedia
      • The Netherlands had about 7.6 million citizens.
      • January 7 » A disastrous flood of the River Thames kills 14 people and causes extensive damage to much of riverside London.
      • May 15 » Walt Disney character Mickey Mouse premieres in his first cartoon, "Plane Crazy".
      • July 7 » Sliced bread is sold for the first time (on the inventor's 48th birthday) by the Chillicothe Baking Company of Chillicothe, Missouri.
      • October 2 » The "Prelature of the Holy Cross and the Work of God", commonly known as Opus Dei, is founded.
      • November 1 » The Law on the Adoption and Implementation of the Turkish Alphabet, replaces the Arabic alphabet with the Latin alphabet.
      • November 22 » The premier performance of Ravel's Boléro takes place in Paris.
    

    Same birth/death day

    Source: Wikipedia

    Source: Wikipedia


    About the surname Warmolts

    • View the information that Genealogie Online has about the surname Warmolts.
    • Check the information Open Archives has about Warmolts.
    • Check the Wie (onder)zoekt wie? register to see who is (re)searching Warmolts.

    When copying data from this family tree, please include a reference to the origin:
    Jan van der Meer, "Stambeam Jan en Richtje van der Meer", database, Genealogy Online (https://www.genealogieonline.nl/stambeam-jan-en-richtje-van-der-meer/I18603.php : accessed May 28, 2024), "Lambertus Nanko's Warmolts (1845-1928)".