Stamboom Jellema, Dotinga, van der Til en Visser » Trijntje Dotinga (1959-2017)

Persoonlijke gegevens Trijntje Dotinga 


Gezin van Trijntje Dotinga


Notities over Trijntje Dotinga

Friese koerier : onafhankel?k dagblad voor Friesland en aangrenzende gebieden
19-08-1959

Gauster Doarpsstimme: 2017
In leafdefolle neitins oan Tine Dotinga
n nije dei is oanbrutsen as Tine op 12 augustus 1959 op de wrâld komt as
suske fan Sipke en earste dochter fan Bertus en Griet. Yn de begjinjierren
wiene Tine en ik in soad tegearre om sels ús wei te finen en de wrâld te
ûntdekken. As earste gie ik fansels nei skoalle ta en koe dat gefoel en de
belibbenis wer trochjaan oan Tine. Faak hân yn hân mei de buorfamkes en
jongens nei skoalle ta, want we wiene stjerrendebenaud foar de hûn fan Eize
en Joukje Kuipers.
Wy wennen op in buorkerij, no Boeijengastrjitte 5, en dêr wie altyd wurk, dat
wy stiene mei moai waar faaks yn in túchje oan it tsjoar yn de bleek. We wiene
beide sljocht mei bisten en doe’t ik in geit krige, hat Tine in hûn hân. Letter hat
se noch ien hân, dy’t se sels op de fyts út Snits helle hat, mar dat bistke wie
nochal wat grutter as it kuorke efterop sadat se it hiele ein rinne moast.
Tine hat nei de ‘spinazy-akadamy’ west en is dêrnei trochgien foar in oplieding
ta gesinshelp yn Ljouwert. De stapperstiid kundiget him oan en hja is faak
oeral en nergens te finen wêr’t it gesellich is. Op tiid thús wêze slagge foar ús
net altyd, mar we waarden betûft genôch om inoar te warskôgjen as de wale
op it finsterrútsje yn de foardoar siet… Fêste ferkearing wie foar Tine net oan
de oarder, mar as de lytse poppe Grietje berne wurdt, moatte hja tegearre
harren paad fine. Earst thús ha we mei syn allen harren opfongen en bystien,
letter giene se nei tante Betsy har hûs.
Heit hat yn de jierren 70 de komelkerij fan ‘e hân dien, doe’t de ruilverkaveling
oan de oarder kaam. Hy kaam te wurkjen by de Opbouw, wurkje oan diken en
fearten. Grutsk wurke ik mei heit oan it feest dat harren 25-jierrig houliksfeest
wurde moast, doe’t dit wreed en onbegrypelik fersteurd waard troch it
ferstjerren fan heit nei it slimme ûngemak by Wiuwert. Mem kaam der
trochhinne te sitten: Auckje lei noch as poppe yn de widze, Grietsje noch mar
krapoan 3 jier en dêr sieten we mei syn allen om dochs troch te moatten. Tine
hat der mei de gesinshulp in soad foar soarge dat elkenien syn plakje fine koe.
Letter hat hja ek altyd de ferbinende faktor yn de famylje west om ûnderling
saken út te praten en se hat mem leafdefol fersoarge, sadat dy lang op harsels
wenjen bliuwe koe. Yn Willem fûn se in nije partner en se binne yn 1991
troud. Op 3 oktober fan dat jier waard Bertine berne. Hoe’t se it allegearre
opklaud hat, bliuwt ús somtiden folslein ûndúdlik. Seachst har wit-hoe-faak
wer op de fyts nei Snits gean om de fytstassen fol mei boadskippen te goaien.
Se hat yn ’t lêste jier wolris sein dat se mear fan ’t libben genietsje moatten
I
In leafdefolle neitins oan Tine Dotinga 31
hie as altyd en ivich mar oan ’t wurk te wêzen. Feestjes hat se wol genôch hân
by optredens fan de Kast en ek wol by de Oranjefeesten.
Lytse bern wurde grut en hja wurdt yn oktober 2004 foar de earste kear
Beppe. Yn 2008 krijt Jelmer in suske, Doutzen en wat is se dêr wiis mei!!! As
Bertine dan ek in jonkje, Ivan, krijt op 3 september fan dit jier, sil dit de lêste
wêze, dêr’t se tsjûge fan wêze mei. In slimme sykte spilet har sûnt september
2010 parten, doe’t se de útslach krige dat se in melanoom hie. Likegoed bleau
se sterk en oan ’t wurk. De Potten, Jan Thijs en Moniek, Ben en Paulien, Peter
en Selma, frou Stöckel, oppasse by Grietje of oaren, Koosje en de leafdefolle
fersoarging fan mem wiene foar har útlaatkleppen om mei minsken yn de
kunde te kommen en harren te helpen. Altyd seachst se fleanen op har
blauwe fytske, oant ds Jur Majoor der foar soarge dat se in elektryske fyts
krige. Yn tankberens hat se him goed brûkt en se koe no noch rapper fan ’t
iene nei de oare kant. Dan binne der ek noch de protte besykjes mei Koosje
nei mem yn Wommels. Mei har ûnôfskiedlik kuorke fol boadskipkes hawwe se
middeis lang by mem west. Wat yn de famylje net bekend wie, mar ofrûne
tongersdei pas dúdlik waard, wie dat hja oan de ein fan de besite altyd in
advokaatsje mei giele vla en slagreamme namen!!? Noch alles heljend út de
tiid hat Tine mei Koosje en Elbrich nei de Anne Frank Musical west en yn
september 2016 stapte se mei Koosje op de boat nei Skylge. Op tiisdei
7novimber, 5 dagen foar har ferstjerren, hat se yn ’t bywêzen fan bern en
bernsbern mei de ‘wensambulance’ nei Texel west. It wie in wichtig ôfskie mei
skitterjend waar. Bliid en och sa tankber wie Tine jimme foar alle kaarten en
sa, dat hat har goed dien en se sei: “Ik bin bliid dat de minsken my net ferjitten
binne.” De lytse dinkjes dy’t o sa kostber binne, mar Tine ferjit net: Der sil gjin
dei begjinne, dat wy net by dy binne!

Heeft u aanvullingen, correcties of vragen met betrekking tot Trijntje Dotinga?
De auteur van deze publicatie hoort het graag van u!


Tijdbalk Trijntje Dotinga

  Deze functionaliteit is alleen beschikbaar voor browsers met Javascript ondersteuning.
Klik op de namen voor meer informatie. Gebruikte symbolen: grootouders grootouders   ouders ouders   broers-zussen broers/zussen   kinderen kinderen

Voorouders (en nakomelingen) van Trijntje Dotinga

Trijntje Dotinga
1959-2017


    Toon totale kwartierstaat

    Via Snelzoeken kunt u zoeken op naam, voornaam gevolgd door een achternaam. U typt enkele letters in (minimaal 3) en direct verschijnt er een lijst met persoonsnamen binnen deze publicatie. Hoe meer letters u intypt hoe specifieker de resultaten. Klik op een persoonsnaam om naar de pagina van die persoon te gaan.

    • Of u kleine letters of hoofdletters intypt maak niet uit.
    • Wanneer u niet zeker bent over de voornaam of exacte schrijfwijze dan kunt u een sterretje (*) gebruiken. Voorbeeld: "*ornelis de b*r" vindt zowel "cornelis de boer" als "kornelis de buur".
    • Het is niet mogelijk om tekens anders dan het alfabet in te voeren (dus ook geen diacritische tekens als ö en é).



    Visualiseer een andere verwantschap

    De getoonde gegevens hebben geen bronnen.

    Historische gebeurtenissen

    • De temperatuur op 12 augustus 1959 lag tussen 14,4 °C en 20,3 °C en was gemiddeld 17,1 °C. Er was 2,2 mm neerslag gedurende 1,8 uur. Het was half tot zwaar bewolkt. De gemiddelde windsnelheid was 3 Bft (matige wind) en kwam overheersend uit het zuid-zuid-westen. Bron: KNMI
    • Koningin Juliana (Huis van Oranje-Nassau) was van 4 september 1948 tot 30 april 1980 vorst van Nederland (ook wel Koninkrijk der Nederlanden genoemd)
    • Van 22 december 1957 tot 19 mei 1959 was er in Nederland het kabinet Beel II met als eerste minister Dr. L.J.M. Beel (KVP).
    • Van 19 mei 1959 tot 24 juli 1964 was er in Nederland het kabinet De Quay met als eerste minister Prof. dr. J.E. de Quay (KVP).
    • In het jaar 1959: Bron: Wikipedia
      • Nederland had zo'n 11,3 miljoen inwoners.
      • 2 januari » De Russen lanceren het 360 kilo wegende ruimteschip Loena 1, het eerste door mensenhanden gemaakte voorwerp, dat na de maan gepasseerd te zijn, een kunstplaneetje wordt van de zon. Dit wordt mogelijk doordat het ruimteschip een grotere snelheid krijgt dan 11,2 kilometer per seconde, de snelheid die nodig is om aan de aantrekkingskracht van de Aarde te ontsnappen (de zg. ontsnappingssnelheid).
      • 23 januari » Robert Noyce vindt de geïntegreerde schakeling uit. Jack Kilby bestrijdt dat.
      • 31 maart » De 14e dalai lama, Tenzin Gyatso, steekt de grens over naar India en krijgt daar politiek asiel.
      • 5 april » Eerste uitzending van het programma Sport in Beeld op de Nederlandse televisie, de voorloper van Studio Sport.
      • 1 juli » Samenvoeging van de gemeenten Opmeer en Spanbroek in Noord-Holland tot de nieuwe gemeente Opmeer.
      • 29 december » De metro van Lissabon wordt in gebruik genomen.
    • De temperatuur op 12 november 2017 lag tussen 3,2 °C en 6,4 °C en was gemiddeld 5,2 °C. Er was 7,4 mm neerslag gedurende 6,5 uur. Er was 1,4 uur zonneschijn (16%). Het was zwaar bewolkt. De gemiddelde windsnelheid was 2 Bft (zwakke wind) en kwam overheersend uit het westen. Bron: KNMI
    • Koning Willem-Alexander (Huis van Oranje-Nassau) is van 30 april 2013 tot heden vorst van Nederland (ook wel Koninkrijk der Nederlanden genoemd)
    • Van maandag 5 november 2012 tot donderdag 26 oktober 2017 was er in Nederland het kabinet Rutte II met als eerste minister Mark Rutte (VVD).
    • Van donderdag 26 oktober 2017 tot heden was er in Nederland het kabinet Rutte III met als eerste minister Mark Rutte (VVD).
    • In het jaar 2017: Bron: Wikipedia
      • Nederland had zo'n 17,1 miljoen inwoners.
      • 13 maart » Piraten kapen in de Golf van Aden voor de noordkust van Somalië een olietanker met acht Srilankaanse zeelieden aan boord: de eerste kaping van een buitenlands koopvaardijschip in Somalische wateren sinds 2012.
      • 21 april » Joris Bengevoord wordt geïnstalleerd als burgemeester van Winterswijk en is daarmee op 32-jarige leeftijd de jongste burgemeester van Nederland.
      • 2 augustus » Mircea Lucescu volgt Fatih Terim als bondscoach van het Turks voetbalelftal.
      • 11 augustus » De Amerikaanse president Donald Trump oogst verontwaardiging in Latijns-Amerika door te dreigen met militair ingrijpen in Venezuela.
      • 17 september » Een korte maar hevige storm kost in de Roemeense stad Timișoara aan acht mensen het leven, terwijl 67 mensen gewond raken.
      • 20 september » Zaterdaghoofdklasser AVV Swift uit Amsterdam zorgt voor een verrassing in de eerste ronde van de strijd om de KNVB-beker door titelhouder Vitesse na strafschoppen uit te schakelen.
    

    Dezelfde geboorte/sterftedag

    Bron: Wikipedia

    Bron: Wikipedia


    Over de familienaam Dotinga

    • Bekijk de informatie die Genealogie Online heeft over de familienaam Dotinga.
    • Bekijk de informatie die Open Archieven heeft over Dotinga.
    • Bekijk in het Wie (onder)zoekt wie? register wie de familienaam Dotinga (onder)zoekt.

    Wilt u bij het overnemen van gegevens uit deze stamboom alstublieft een verwijzing naar de herkomst opnemen:
    Theo Jellema, "Stamboom Jellema, Dotinga, van der Til en Visser", database, Genealogie Online (https://www.genealogieonline.nl/stamboom-jellema-dotinga-en-visser/I23558.php : benaderd 4 mei 2024), "Trijntje Dotinga (1959-2017)".