Dy brân kaam my yn't sin doe't ik hearde dat Grutte Poppe Merkus dêr ek earne wenne froeger. In pakesizzer fan dizze Poppe hat my wol gauris in mailtsje stjoerd. Dat is Anneke Merkus út 'e Lemmer dy't troud is mei Koop Bosscha. Ik ha har al ris neamd yn ROOTS-185, doe't ik wat ferteld ha oer de Tillema's. Anneke har mem wie Sjoukje Tillema, en har heit wie Gerke Merkus, in soan fan Poppe en Lim. Yn 't begjin fan harren trouwen ha Poppe en Limke earst oan de Singel wenne en al gauëftich ha se in hûs boud oan de Betonwei. Dat hûs stie tichteby dy hoeke fan de Betonwei en de Lytsewei. It stie eefkes fjirder, tink ik, as Wierd Kooistra syn hûs oan de Betonwei. Poppe wie lytsboer en hy hie fan alles wat: hy molk in pear kij, hie aardich wat hinnen, en hie ek wat túnbou. Hy wie hiel betûft wat hinnen oanbelange en hy stie bekend as in beste hinnefokker. Yn 'e oarlochstiid makke hy sels wol turf en baalders. Hy skarrele dan 'baalder' of 'baggel' op, brocht dat nei hûs en die dat yn platte bakken of foarmen om it droegje te litten. Letter stuts hy dat in stikken en makke sa syn eigen baggelturven en baalders. Dy brûkten se dan yn 'e kachel. Lim stie foar eltsenien klear om te helpen. Sy wie skjin en netsjes. Sneontemiddeis wurde it hiele hiem oprêd, de túnklauwe kaam der oer en moai wyt sân wurde op it paadsje struit.
Grutte Poppe wurde sa neamd om't hy flink oan de mjitte wie en ek gâns grutter wie as syn frou Limke Dijkstra. Sy gienen nei de Herfoarme Tsjerke en Lim wie al aardich âld doe't se doopt wurde en iepenbiere belidenis die yn de Herfoarme Tsjerke fan Boelensloane.
bij overlijden wonende te Harkema Opeinde
Hij is getrouwd met Limke Dijkstra.
Zij zijn getrouwd op 25 maart 1916 te Achtkarspelen, hij was toen 24 jaar oud.
Kind(eren):
grootouders
ouders
broers/zussen
kinderen
Poppe Merkus | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
1916 | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Limke Dijkstra | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De getoonde gegevens hebben geen bronnen.