Berte register 1902,
argyf nûmer 30-01,
Boargerlike Stân Achtkarspelen
Tsjerkhôf "Mementö Mori" De Harkema
Reitsmastrjitte 1-A, 9281 LB De Harkema
Hij is getrouwd met Pietje (Teijes) van der Meulen.Bron 3
Op it stuit fan Tjeerd Spinder en Pietje van der Meulen telde Harkema-Opeinde foar safier ik wit 13 krûdenierswinkels.
Betonwei: Albert Banga en Jacoba Holthuis mei VéGé.
Geert van der Heide en Wieke van der Kuip mei Vivo.
Tsjerkstrjitte / Warmoltsstrjitte: Adriaan de Boer en Grietje Kooij.
Hendrik Oeds Holthuis en Janke Vriesema mei VéGé.
Gradus Stienstra en Froukje Dijkstra mei " De Gezonde Apotheek ".
Roel Veenstra en Grietje Land.
Bareld Weening en Trijntje Roorda mei Spar.
Klaas Weening en Grietje Douma mei " De Kleine Bazar ".
Nijewei: Jacob Borger en Pietje van der Meulen mei Klimop.
Riekele Postma en Elizabeth Tabak.
Pauloane: Aize van der Heide en Jantje Hoekstra mei Vivo.
De Singel: Pieter Stienstra.
Skoalstrjitte / Reitsmastrjitte: Tjeerd Spinder en Pietje van der Meulen.
Se hiene ek in mobile snobberkwein.
Fan 1958 ôf stie de hear Spinder mei dizze snobberswein op sportfjild " De Fûgelkamp " fan Harkemase Boys.
Der wie doe noch gjin kantine.
Wêr moat men begjinne en wêr einigje?
Ik haw my beheind ta it doarp en de buorskippen net mei rekkene.
Ik fûn it eartiids yn de winkelwinkels altyd hearlik rûken nei fan alles en noch wat.
Alles siet yn bakken yn de skappen.
Soerkes en drop sieten yn dy moaie stolpflessen.
Foar winkellju wie it wol hiel bewurklik.
Alles moast woegen wurde en waard yn papieren pûdsjes ferpakt.
De winkelman kaam by de minsken thús om de bestelling yn syn boekje te notearjen en brocht letter de boadskippen oan hûs.
Ik kaam eartiids wolris mei myn kammeraat Wierd van der Meer by gruthannel Douwe Wijnalda oan de Kolk yn Surhústerfean.
Syn heit Sietze A. van der Meer wurke dêr.
Ek hjir rûkte it hearlik.
Tabak en tee sieten yn grutte houten kisten.
Jierren letter rûkten de kisten noch nei tabak en tee.
De rook siet gewoan yn it hout.
No anno 2023 is der 1 libbensmiddelewinkel op De Harkema: De Poiesz Supermerk oan de Bouwe Harkemastrjitte 5.
-----------------------------------------------------------------
Tjeerd Spinder en Pietje van der Meulen hiene eartiids in winkel yn libbensmiddels oan de Schoolstraat.
No is dat kafetaria " 't Heideroosje ".
Yn 1962 waard dit de Reitsmastrjitte, neamd nei Ate Reitsma haad fan de iepenbiere legere skoalle fan 1904 -1928.
De hear Tjeerd Spinder hie ek in mobile snobberkwein.
As it earste alvetal fan Harkemase Boys thús spylje moast stie er mei syn snobberswein by it fjild.
Ast it terrein op kaamst links op it hoekje nei de yngong.
As jonkje gie ik net allinnich om it fuotbaljen nei de Boys mar ek om te snobjen.
Ik kocht altyd in Mars en in puntsekje doppinda's.
Foar wat it lêste oanbelanget wie ik net de iennige.
Nei ôfrin fan de wedstriid leine de beide diken, dy 't oan wjerskanten yn de lingte njonken it fjild leine (in soarte fan primitive steanplakken ), besiedde mei de doppen fan de pinda's.
Der wie doe noch gjin kantine.
Dy kaam der yn 1965.
It wie in houten hok kocht fan Wiebrens-Gep dat " Het Behouden Huis " neamd waard.
Uterlik hie it in soad fan de skuorre dêr 't Willen Barentsz op Nova Zembla yn oerwintere.
It wie der altyd gesellich by de earste kantinebehearder Mattheüs Mulder.
Winterdeis, op klompen tegearre om de grutte houtkachel mei in dampende mok kofje.
Ik dronk altyd " Sunkist út California " dat wie hearlike sinas.
Mei de fuotten op de ring fan de kachel in ideaal plak foar " sterke stikken " út it ferline!
Zij zijn getrouwd op 22 maart 1924 te Gemeente: Achtkarspelen, Friesland, Nederland, hij was toen 22 jaar oud.
Kind(eren):
Tjeerd Pieters Spinder | |||||||||||||||||||||||||||||||||||
1924 | |||||||||||||||||||||||||||||||||||
Pietje (Teijes) van der Meulen |