Stambeam Jan en Richtje van der Meer » Fokke Jans Kooistra (1889-1988)

Persoonlijke gegevens Fokke Jans Kooistra 

Bron 1

Gezin van Fokke Jans Kooistra

Waarschuwing Let op: Echtgenote (Trijntje Aans Alma) is ook zijn nicht.

Hij is getrouwd met Trijntje Aans Alma.

Zij zijn getrouwd op 18 november 1911 te Gemeente: Achtkarspelen, Friesland, Nederland, hij was toen 22 jaar oud.Bron 4

Houlik register 1911,
argyf nûmer 30-01,
Boargerlike Stân Achtkarspelen

Kind(eren):


  • Het echtpaar heeft gemeenschappelijke voorouders.

  • Notities over Fokke Jans Kooistra

    Skoallejier 1895. Fokke Kooistra fertelt: (omtrint honderd jier.) "Juffer Ennema dy koe ik noch wol fan eartiids. Dat wie in âld minske, dy koe nachts mei har mem prate, hin! Ja dat wie doe sa. Dat wie der froeger ek, sjuch. En ik siet altyd mei har yn it bestjoer fan de staatsskoalle, mar dat wie letter. Ik ha mar in pear jier nei skoalle ta gongen, oan njoggen jier ta. Doe moast ik ús heit helpe, by't winter braakje en sa. Flaaks braakje, dat kin je net tink? It moast earst rotsje yn it wetter, in dei as acht en dan droegje. En dan skeaven fan makke. Ja ik wie doe net sa'n grutte keardel. Mar it fertsjinne niks. - Jo slûken ek wol ris, Fokke? Nou fan de skoalle wit ik net folle, fanke. Dat kin je begripe; oant 9 jier hinne gongen. En doe bin ik thús bleaun fansels. Der wie noch gjin learplicht, hear. Dy is kommen, doe't ik in jier as 12-13 wie. Mar doe bin ik noch frij rekke, want myn mem krige twa twillingen. En ik wie de twadde by ús. Der wie noch sa'n ien, dy't frij rekke, Geeske (Meter); dy binne nei de Ham rekke. Dy moast thús helpe. Wy hiene letter in jûnsskoalle, sadwaande haw ik it skriuwen goed leard, oars hie ik it net kinnen. Ja jonge, ik kin my tige rêdde mei lêzen en skriuwen. Ik koe oeral wol hinne skriuwe. Ja der kaam apart ien foar yn de jûnsskoalle. Nee it wie net deselde meester. Mar meester Reitsma haw ik noch wol kennen. Dy kaam in protte by myn heit en dy. Dy wenne der tsjinoer sjuch. Dy hie twa dochters. Doe wie ik al troud, hear. En doe haw ik ek yn it bestjoer sitten. En plysje Bekkema en juffer Ennema. Doe wie'k noch net sa âld hear. Goed tweintich jier. Ja ik haw in bulte yn it bestjoer sitten. Myn bern hawwe altyd nei de âlde skoalle gongen. Wy ha seis jier yn Limburg west en doe't wy thús kamen ha noch guon nei de iepenbiere skoalle west. Wy hiene seis bern, ien is overleden. - Ha ja ek wol foar de skoalle nei Bûtenpost ta west? Nee, mar wie hiene ek wol ris feest, sjuch. Ik hie sels in wein doe't ik thús kommen wie fan Limburg. Ik hie in nijen meitsje litten en doe haw ik in pear kear mei it feest west. Ja der wie wol ris in pryske by. - Wie der elk jier in feest, Fokke? Ja wy gongen mei gewoane houten weinen, hin. Ik hie noch ien meitsje litten by Jentsje yn de Ham, sjoch. Yn myn buorkerij hie'k sa'n acht, njoggen bisten. En noch in hynder en alles hie'k hjir. En in pear weinen en in ploege. Ik moast alles keapje doe. - Wannear binne jo nei Limburg ta gien, Fokke? Ik binv mei fjirtich jier nei Limburg gongen, mar doe koe ik net mear op de minen komme. Ik hie trije jonges yn de koaleminen sitten, mar ik wie sels yn it losse wurk by de bazen. - Koene jo dêr in pear sinten fertsjinje? Ik ha de tunnel mei makke, de ammoniakfabryk en in nije spoarwei ha'k mei makke. Dêr wie'k altyd baas. Ik ha in tiid hân, dan hie'k tritich man oan 't wurk. Ik wie ûnderbaas. Ik ha seis jier yn Limburg west. De jongste is dêr geboaren. Dy is no 55 jier, hin. - Hat dy yn Harkema op skoalle gongen? Ja, Fokke Tryn. - Jo slûken ek wol fan skoalle? Ja en oan it fechtsjen mei de kwekeling. Dy wie by de bovenmeester, in jongkeardel. Dy hat my wol neisitten. - Jo mochten leaver fechtsje as nei skoalle gean? Ja wis. Ja doe letter is de learplicht kommen , sjuch. Ik haw al in bytsje meimakke yn it leven. Wy hiene it froeger min. Letter haw ik it altyd goed han. Mar ik wie noch mar sa'n baaske, doe wie'k polderjonge by Hindrik Postma fan de Ham, Droegeham. Dy kaam fan de Pein, wie boer dêr. Ik wie noch mar 16 jier, doe naam ûs heit my mei nei Stadskanaal. Dêr gongen wy in wike of 7-8 hinne te baggeljen. - En moasten jim dan fan hûs? of elke dei nei hûs ta? (Fokke ferstiet it net goed en seit Ja, ja.) Dêr siet heuchfean en leechfean en dat leechste waard ferbaggele. Der waarden lytse baalders fan makke. En dat heuge dêr stutsen se lange turven fan ôf. - Dat wie min wurk tink? Ik siet yn Valthermond; Plaats 57. Dat wit ik allegear noch wol. Ik wit alles. Ik haw ek ûnder tjinst west. Earst fjouwer maand en doe acht maand. Ik koe wat earder nei hûs gean, wie ien fan de âldsten. Dat wie yn 1909. - En yn de earste oarloch, wer ha jo doe west Fokke? Oeral, oer it heule lân, Axel, oer de Skelde, Nieuwham, Tilburg, hast alle plakken. Mei de trein der hinne. Ein diel 1.

    Diel 2. Oan Bûtenpost ta mei de fyts. Dy setten wy dêr del. As wy dan in dei frij hiene, gongen wy nei hûs. De earste oarloch hoegde ik mar in jier. Ik ha yn Ljouwert en Amersfoort sitten. - Wer wiene jo by Fokke? By de infantery. - Dus rinne. Ja, fuotbalje diene se sawat net, hin. Se begongen al in bytsje, sjuch. Dy auto's jeie ek te folle. Wy ronnen alle einen nei Kloasterburen. By Sara Bos yn Visvliet wie ûs earste pleisterplak. Oer Pitersyl en Soutkamp en dan krigen wy Ulrum. Twa kear kofje. - En dan diene jim wurk op de klaai? Ja, ja. Ik haw troch it hiele lân reizge te mollefangen. Nei Maastricht, nei Winterswyk op de fyts. En mei de trein. Yn Dútslân noch in pear honnen ferspile. Yn de Spaanske gryp. Dat wie doe yn Harkema ek raar. Dat wie yn de hjerst. De iene dei wat mear as de oare. Yn Utrecht fers[pilen wy ús honnen. Dêr wiene wy sels net by. Dy sieten yn kisten. Dy hiene se falle litten. Dat wie doe hiel wat. Wy krigen twa honnen wer betelle, fan it ryk, ja. Meester Otten fan Surhuzum hat foar ús in dong skreaun. Ja, wy krigen de helte fan wat wy fregen. Wy moasten yn Ljouwert komme en dêr kamen hja dan ek. Wy sieten midden yn de Achterhoek, Oldenzaal en dy plakken. - Jim moasten dy mollen ferkeapje? Ja. Wy mochten se net fange, dy moasten wy stil oerstjoere yn in bakje. Der waarden in bulte falske nammen opjûn. - Jo wiene doe net sa bang? Nee, hear! Myn skop hat er in kear ôfnommen en de mollefalle. En yn Wynskoaten ha de plysjes ek noch hondert fellen krigen. En ik gong altyd foarop nei de plysjes. Wy wiene mei ús trijen. Och, ik ha wat beleefd. Mar froeger, hoe min as wy it hân ha. Derr waard ek niks fertsjinne. Doe't ik troud bin, fertsjinne ik noch mar in ryksdaalder yn de wike. - Wiene jo de âldste? De twade fan de húshâlding. Myn mem is stoarn mei it njoggende bern. Se hie ek twa twillingen. Se wie noch mar 35 jier. Us heit is letter wer troud. Dy frou koe ik wol. Har man wie mitseler Hindrik de Haas. Dy man is dea fallen, fan de fyts ôf. - Hat der te foaren ek in skoalle stien? Ja dy skoalle is fermakke, moat je tinke. Dy is no wat oars as froeger. Dizze is folle nijer, dat kin je begripe. En dy waard fergrutte, mar wannear dat wit ik net mear, hear. It skoalhûs hat der altyd by stien, meester Reitsma wenne der yn. Doe leefde myn heit noch hear. - Wie doe de griff. skoalle der èk al? Der wie doe mar ien skoalle, de Staatsskoalle. Letter binne dy oaren der kommen. Ja, ja. Mar dy meesters fan froeger dy kin je net mear, jong. Mar juffer Ennema wol. Dy liet harsels suver ferhongerje. Se joech in soad oan earme minsken. As der wat wie mei de skoalle, dêr wie'k altyd by, mei't ik ek bern hie, hin. - Hoe wiene dy meesters fan froeger, ek sokke dwerse as se no binne? (Dêr moat Fokke om laitsje.) - Se wiene froeger wat stringer, tink? "Ja no, pas op." - Dy kwekeling siet jo efternei? "Ja dat wie sa. Soks dat kin je noch wol in bytsje ûnthâlde. Ja. - Hoe lang binne jo hjir no op it Fean, Fokke? Op ien febrewaarje wurdt it njoggen jier. Ik koe hjir al komme, doe't it hûs boud is hear, mar doe woe'k noch net. Doe ha'k my noch acht jier sels rêdden. Och, ik hie noch trije hûzen yn de Harkema, jong. It lêste fan Feike-Wytske haw ik doe ferkocht. En op de Singel ha'k ien hân en op de Lytse Wei fan Willem Tabak. Twa jonges ha doe in hûs fan my krigen, sjuch. - En hoe âld wurde jo no Fokke? 15 maart wurd ik 99 jier. "Ja in hiele âlderdom, jong. Mar ik bin altyd sûn oan diz'tiid ta. Ik bin âld, mar kin alles hast ûnthâlde moat je tinke. Sokke jongen binne der net safolle. - Nee, dat tink ik ek net. Mar ik kin min rinne. Te bot wurk op de heupen hân. Ik ha twa stokjes. - Ik haw in sinasappeltje foar jo meinommen. Dat ha jo wol fertsjinne. "Betanke hear." Inkele moannen nei dit interview is Fokke Kooistra ferstoarn. Dit prachtige interview is overgenomen uit het jubileumboek van "'t Holdersnêst" iepenbiere basis skoalle Harkema 1889-1989.

    Heeft u aanvullingen, correcties of vragen met betrekking tot Fokke Jans Kooistra?
    De auteur van deze publicatie hoort het graag van u!


    Tijdbalk Fokke Jans Kooistra

      Deze functionaliteit is alleen beschikbaar voor browsers met Javascript ondersteuning.
    Klik op de namen voor meer informatie. Gebruikte symbolen: grootouders grootouders   ouders ouders   broers-zussen broers/zussen   kinderen kinderen

Afbeelding(en) Fokke Jans Kooistra

Voorouders (en nakomelingen) van Fokke Jans Kooistra


    Toon totale kwartierstaat

    Via Snelzoeken kunt u zoeken op naam, voornaam gevolgd door een achternaam. U typt enkele letters in (minimaal 3) en direct verschijnt er een lijst met persoonsnamen binnen deze publicatie. Hoe meer letters u intypt hoe specifieker de resultaten. Klik op een persoonsnaam om naar de pagina van die persoon te gaan.

    • Of u kleine letters of hoofdletters intypt maak niet uit.
    • Wanneer u niet zeker bent over de voornaam of exacte schrijfwijze dan kunt u een sterretje (*) gebruiken. Voorbeeld: "*ornelis de b*r" vindt zowel "cornelis de boer" als "kornelis de buur".
    • Het is niet mogelijk om tekens anders dan het alfabet in te voeren (dus ook geen diacritische tekens als ö en é).



    Visualiseer een andere verwantschap

    Bronnen

    1. Alde foto's De Harkema (Harm Hamstra )
    2. Tresoar, ynventarisenûmer 1048, aktenûmer 0067
    3. https://www.graftombe.nl/names/info/304713/kooistra
    4. Tresoar, ynventarisnûmer 2049, aktenûmer 0100

    Aanknopingspunten in andere publicaties

    Deze persoon komt ook voor in de publicatie:

    Historische gebeurtenissen

    • De temperatuur op 15 maart 1889 lag rond de -1.3 °C. De winddruk was 22 kgf/m2 en kwam overheersend uit het noord-oosten. De luchtdruk bedroeg 77 cm kwik. De relatieve luchtvochtigheid was 86%. Bron: KNMI
    • Koning Willem III (Huis van Oranje-Nassau) was van 1849 tot 1890 vorst van Nederland (ook wel Koninkrijk der Nederlanden genoemd)
    • Van 21 april 1888 tot 21 augustus 1891 was er in Nederland het kabinet Mackay met als eerste minister Mr. A. baron Mackay (AR).
    • In het jaar 1889: Bron: Wikipedia
      • Nederland had zo'n 4,5 miljoen inwoners.
      • 31 maart » De Eiffeltoren wordt ingehuldigd.
      • 22 april » De Amerikaanse president Benjamin Harrison stelt Oklahoma open voor vestiging door kolonisten.
      • 3 juli » De paardentram van de UTM (Utrechtse Tram-Maatschappij) wordt feestelijk geopend.
      • 14 juli » Stichting van de Tweede Internationale in Parijs.
      • 10 september » Albert I wordt vorst van Monaco.
      • 2 november » North Dakota en South Dakota worden staten van de Verenigde Staten.
    • De temperatuur op 18 november 1911 lag tussen 5,0 °C en 10,8 °C en was gemiddeld 8,1 °C. Er was 4,7 mm neerslag. Er was 3,2 uur zonneschijn (37%). De gemiddelde windsnelheid was 5 Bft (vrij krachtige wind) en kwam overheersend uit het zuid-zuid-oosten. Bron: KNMI
    • Koningin Wilhelmina (Huis van Oranje-Nassau) was van 1890 tot 1948 vorst van Nederland (ook wel Koninkrijk der Nederlanden genoemd)
    • Van 12 februari 1908 tot 29 augustus 1913 was er in Nederland het kabinet Heemskerk met als eerste minister Mr. Th. Heemskerk (AR).
    • In het jaar 1911: Bron: Wikipedia
      • Nederland had zo'n 6,0 miljoen inwoners.
      • 26 januari » Première van de opera Der Rosenkavalier van Richard Strauss in Dresden.
      • 30 mei » De eerste editie van de Indianapolis 500 vindt plaats op Indianapolis Motor Speedway.
      • 15 juni » De Tabulating Machine Corporation, de Computing Scale Corporation en de International Time Recording Company gaan verder als Tabulating Computing Recording Corporation (tegenwoordig IBM).
      • 16 juni » Oprichting van het technologiebedrijf IBM.
      • 29 oktober » Luxemburg speelt de eerste voetbalinterland uit zijn geschiedenis en verliest met 4-1 van Frankrijk.
      • 27 november » Paus Pius X creëert 19 nieuwe kardinalen, onder wie de Nederlandse Redemptorist pater Willem Marinus van Rossum.
    • De temperatuur op 8 augustus 1988 lag tussen 15,5 °C en 25,6 °C en was gemiddeld 19,9 °C. Er was 7,7 uur zonneschijn (51%). Het was half bewolkt. De gemiddelde windsnelheid was 2 Bft (zwakke wind) en kwam overheersend uit het noord-oosten. Bron: KNMI
    • Koningin Beatrix (Huis van Oranje-Nassau) was van 30 april 1980 tot 30 april 2013 vorst van Nederland (ook wel Koninkrijk der Nederlanden genoemd)
    • Van dinsdag 4 november 1986 tot dinsdag 7 november 1989 was er in Nederland het kabinet Lubbers II met als eerste minister Drs. R.F.M. Lubbers (CDA).
    • In het jaar 1988: Bron: Wikipedia
      • Nederland had zo'n 14,7 miljoen inwoners.
      • 22 maart » De regering in Zuid-Afrika legt het oppositionele weekblad New Nation een verschijningsverbod op van drie maanden. Het is de eerste keer dat op grond van de noodtoestand een krant een verschijningsverbod krijgt opgelegd.
      • 23 maart » Het Nederlands voetbalelftal begint de aanloop naar het EK voetbal 1988 in Londen met een 2-2 gelijkspel in de oefeninterland tegen Engeland.
      • 11 mei » KV Mechelen wint in Straatsburg de Europa Cup voor bekerwinnaars door in de finale Ajax te verslaan met 1-0 door een doelpunt van Piet den Boer.
      • 9 augustus » De Verenigde Staten gaan door met de steun aan de Angolese verzetsbeweging UNITA zolang de regering in Luanda hulp krijgt van de Sovjet-Unie en Cuba, zegt de Amerikaanse onderminister van buitenlandse zaken, Chester Crocker.
      • 14 september » Amerikaanse autoriteiten mogen voor het eerst getuige zijn van een nucleaire test door de Sovjet-Unie.
      • 15 september » De Angolese verzetsorganisatie UNITA moet na hevige gevechten met regeringtroepen een aantal strategische posities aan de Benguela-spoorweg in Midden-Angola prijsgeven.
    

    Dezelfde geboorte/sterftedag

    Bron: Wikipedia

    Bron: Wikipedia


    Over de familienaam Kooistra

    • Bekijk de informatie die Genealogie Online heeft over de familienaam Kooistra.
    • Bekijk de informatie die Open Archieven heeft over Kooistra.
    • Bekijk in het Wie (onder)zoekt wie? register wie de familienaam Kooistra (onder)zoekt.

    Wilt u bij het overnemen van gegevens uit deze stamboom alstublieft een verwijzing naar de herkomst opnemen:
    Jan van der Meer, "Stambeam Jan en Richtje van der Meer", database, Genealogie Online (https://www.genealogieonline.nl/stambeam-jan-en-richtje-van-der-meer/I3869.php : benaderd 25 mei 2024), "Fokke Jans Kooistra (1889-1988)".