Tsjerkhôf Tsjerke Duerswâld / Wynjewâld Breeberchspaed 9241 WP Wynjewâld
Zij is getrouwd met Albert (Jans) Buma.Bron 2
Albert wie in soan fan Jan Buma en Aaltje Hiemstra fan Surhuzum.
Hendrikje wie in dochter fan Jelte van der Ploeg en Froukje Veenstra fan Harkema-Opeinde.
Se kamen te wenjen yn Oerterp.
Op harren pleats oan de Mounleane stie en stiet no noch: Woltershoeve.
Neamme nei in soan fan de eigener, in dokter út Grins.
De pleats waard earst hierd en is letter kocht.
Hendrikje wie in suster fan ús mem Hielkje Hamstra-van der Ploeg.
It wiene ús omke en muoike.
Yntusken beide ferstoarn.
Fan de seis bern binne trije nichten fan my stoarn: Froukje, Aaltje en Hielkje.
Trije neven fan my binne noch yn libben.
Hendrik en Jelte wenje oan de Mounleane yn Oerterp en Jan wennet yn Wezep.
Jelte wennet noch op de pleats fan syn âlden mar is net mear aktyf as boer.
Myn beppe Froukje van der Ploeg-Veenstra koe net fytse.
Omke Albert helle har tegearre mei ús mem wolris op mei in hynder foar de koets.
Se útfanhûs dan in wike of fjirtjindagen by de famylje Buma.
Sa ek yn de oarloch.
Omke en muoike hiene ûnderdûkers û.o. in Joadske frou en ús doarpsgenoat de hear Bareld Weening.
Weening wie op spektakulêre wize ûntsnapt út de finzenis fan Feanhuzen mei oaninoar knope lekkens.
De Joadske mefrou wie wolris wat ûnfoarsichtich.
Se kuiere mei it dochterke fan de Buma's, Aaltje yn 'e bernewein op 'e dyk.
Op in stuit gie it mis.
In ynfal fan de Dútsers.
De ûnderdûkers flechtsje hals oer de kop troch de skuorre út de pleats.
Krûpen efter it strewelleguod troch in drûge sleat nei in bosk dat sa 'n 400 meter skean achter de pleats leit.
Dêr binne se út it sicht en betreklik feilich.
Ynienen sjocht ús mem de persoansbewizen fan dizze minsken op 'e tafel lizzen.
Se krijt gjin betinktiid.
De Dútsers stoarmje mei geweld nei binnen.
Us mem graait de papieren byinoar en stoppet se tusken har boarsten yn har blûs en knopet dy ta har kin soarchfâldich ticht.
Se draacht de papieren fan dizze minsken op har hert.
Dat is in feilich plak.
Bretaal stapt se tusken de Dútsers troch yn 'e keuken en begjint hastich in pear kop en skûtels ôf te waskjen.
Der binne mear kop en skûtels as oanwêzige persoanen.
Dat kin ek problemen opsmite.
Se set se flink yn it sop sadat ús easterbuorren der gjin sicht op hawwe.
Gelokkich rint it goed ôf.
De Dútsers fine neat.
Ik wist hjir neat fan.
Mem hat nea oer har heldedied praat.
Ik hear dit spannende ferhaal fan myn omke Albert Buma.
Hy koe goed ûnthâlde en fertelt it yn geuren en kleuren.
" Witst noch wol Hylkje datst yn de oarloch ús en de ûnderdûkers rêde hast?
" " Jawol ", antwurdet mem.
Bareld Weening fertelt yn in prachtich ynterview yn de doarpskrante fan 1970, útjûn troch kluphûs " De Nije Wei " oer syn ferbliuw by Albert en Hendrikje.
De ûnderdûkers waarden as eigen gesinsleden behannele.
De hear Weening beskriuwt it hiel moai en betanket harren hertlik.
It ynterview hjitte: " Minsken fan tichtby, tichterby ".
Op 26 -11-1982 krigen Albert en Hendrikje in hege ûnderskieding fan de steat Israel: De Yad Vashem.
De ûnderskieding waard útrikt yn de Joadske synagoge yn Grins.
Omke en muoike libben doe beide noch.
Dat wie hiel bysûnder.
Yn in soad gefallen barde dat postúm.
Ik fûn it fijn dat omke it ferhaal fertelde en bin bêst wol grutsk op ús leave mem.
Zij zijn getrouwd op 5 december 1940 te Gemeente Opsterlân, Friesland, Nederland, zij was toen 26 jaar oud.
Kind(eren):
Gebeurtenis (De Yad Vashem ûnderskieding) op 26 november 1982 in Groningen, Groningen .Bron 3
Op 26 -11-1982 krigen Albert en Hendrikje in hege ûnderskieding fan de steat Israel: De Yad Vashem. De ûnderskieding waard útrikt yn de Joadske synagoge yn Grins. Omke en muoike libben doe beide noch.
Hendrika (Jeltes) van der Ploeg | ||||||||||||||||||||||||||||||||||
1940 | ||||||||||||||||||||||||||||||||||
Albert (Jans) Buma |