Kwartierstaat Freark Jongma » Ysbrand Gaeles (± 1701-± 1778)

Persoonlijke gegevens Ysbrand Gaeles 


Gezin van Ysbrand Gaeles


Notities over Ysbrand Gaeles

Henk Zeinstra: Kertiersteat fan Titus Brandsma (Brandsma) (Genealogysk Jierboek 2005):
Yn april 1735 wurde Sjoerd Jetzes en Foppe Jorrits befêstige as kuratoaren oer Fokje Clases, minderjierrich erfgenamt fan Andrieske Wybrens, widdo fan Folkert Jans, te Easterwierrum neffens testamint d.d. 29 juny 1733.
Yn 1735 ferklearje Bouwe Jans te Mantgum foar himsels en as lêsthawwer fan de fierdere erfgenamten fan Folkert Jans en ek Foppe Jorrits as kurator oer Fokje Clases te Jorwert, iennichst erfgenamt neffens testamint fan (har tante) Andrieske Wybrens, ferstoarn te Easterwierrum, dat hja it rjocht fan kollaterale suksesje oer 2000 cg. betelje wolle. Foppe Jorrits wie boer yn Jorwert.
Yn 1754 spilet in proses tusken Tiede Sjoerds, húsman te Tsjalhuzum, en Pieter Gosses (Bruinsma), mr. brouwer te Warkum, oer in readbûnte ko, dy 't siik west hie, ferkocht en deagongen. Tiede Sjoerds hie it bist as in bist dat siik west hie yn 1747 kocht fan Ysbrant Gaeles, húsman te Easterwierrum, dat dêrom hie Tiede en syn folk it bist altyd "Ysbrant Gaelis" neamd. Yn 1745 hie Ysbrant in besmetlike sykte ûnder al syn kij hân, dêr't it bist yn kwestje ek by wie. In soad bisten hied er doe ferlern, mar dizze hie it rêden. Wol trije kear hie de sykte taslein, mar de bisten dy't it earder ret hienen, rêden it de kear dêrop ek.
Yn 1748 hie Tiede de sykte sels ûnder syn bisten hân, doe ek in soad bisten ferlern, mar de readbûnte hie it wer rêden. Yn 1749 nei Snitser hjerstmerk hied er it bist oan Pieter Gosses ferkocht, sa 't tsjûgen as Oene Riemers te Skearnegoutum, Haring Atses te Easterlittens en Fokeltie Sybes te Easterein befêstigje. Dêrnei wied er op 'e stâl fan Pieter Gosses yn Warkum deagongen. Pieter wol no de skea op Tiede ferhelje, mar it gerjocht ferklearret him net ûntfanklik.
Pake Isbran en beppe Fokje binne gauris peter en meter fan bern fan dochter Andrieske, Isbran fan Isbran, berne yn 1764 te Swichum, en fan Folkert, berne yn 1774 te Goaifngea, en Fokje yn 1767 fan Claes Thomas, yn 1769 fan in twadde Claes, yn 1772 fan in Fokje, alle trije berne te Swichum, en yn 1777 fan in twadde Fokje, berne te Goaiïngea. De njoggen bern fan Ysbrand en Fokje sels sille allegear yn Easterwierrum berne wêze, yn alle gefallen de fiif, dy 't yn Wytgaard R.K. doopt binne, mar Easterwierrum hie syn eigen tsjerkegelegenheid, dat dêr sil ek wol doopt wêze.

Heeft u aanvullingen, correcties of vragen met betrekking tot Ysbrand Gaeles?
De auteur van deze publicatie hoort het graag van u!


Via Snelzoeken kunt u zoeken op naam, voornaam gevolgd door een achternaam. U typt enkele letters in (minimaal 3) en direct verschijnt er een lijst met persoonsnamen binnen deze publicatie. Hoe meer letters u intypt hoe specifieker de resultaten. Klik op een persoonsnaam om naar de pagina van die persoon te gaan.

  • Of u kleine letters of hoofdletters intypt maak niet uit.
  • Wanneer u niet zeker bent over de voornaam of exacte schrijfwijze dan kunt u een sterretje (*) gebruiken. Voorbeeld: "*ornelis de b*r" vindt zowel "cornelis de boer" als "kornelis de buur".
  • Het is niet mogelijk om tekens anders dan het alfabet in te voeren (dus ook geen diacritische tekens als ö en é).

De getoonde gegevens hebben geen bronnen.


Wilt u bij het overnemen van gegevens uit deze stamboom alstublieft een verwijzing naar de herkomst opnemen:
Wil Jongma, "Kwartierstaat Freark Jongma", database, Genealogie Online (https://www.genealogieonline.nl/kwartierstaat-freark-jongma/I11522.php : benaderd 5 juni 2024), "Ysbrand Gaeles (± 1701-± 1778)".