Berte register 1877,
argyf nûmer 30-01,
Boargerlike Stân Achtkarspelen
Ferstjerren register 1955,
argyf nûmer 30-01,
Boargerlike Stân Achtkarspelen
Elle est mariée avec Theunis Sytzes van der Meer.Source 3
Theunis van der Meer wie myn buorman. Theunis en Trijntje wennen op de hoeke fan de Kerkstraat / Pauloane. Wy wennen yn itselde blok. By myn berte wiene it al âlde minsken fan 74 en 73 jier. Doe 't ik 5 wie ferstoar buorfrou. Trije jier letter ferstoar de hear van der Meer yn it Wilhelmina rêstoard yn De Grinzer Pein. Yn de folksmûle Schoppert. Nettsjinsteande myn jonge leeftiid haw ik se noch wol kennen. Dochter Hendrikje van der Meer wie troud mei myn omke Hendrik van der Ploeg. In net-troude soan: Oene wie noch ynwenjend by de fam. Fan der Mear. Op skoalle skreau er syn namme as Eneo nav red Reem, yn spegelskrift. Mata Hari die dat ek. Oene wie hiel handich mei radio's, elektrisiteit en timmerjen. Yn syn hobbys wie er soms wat te entûsjast. As wy ynienen yn it tsjuster sieten, sei myn ynwenjende pake Jelle Hamstra: " Ik sil efkes mei Oene prate. " Tsjin Van der Meer jr. sei er: " Ik wit der neat fan Oene jonge, mar it ljocht falt by & usirc zo vaak & uacute; t. Ik belje de P. O. B. " Oene beloofde betterskip: " Dat hoege jo net te dwaan Jelle, ik skop in pear kear tsjin 'e peal en hy docht it wer. " Ek as O. midden yn 'e nacht siet te timmerjen, kaam pake fanwegen. As in soarte fan stânbyld hie O. in bom út de 2e wrâldoarloch yn 'e tún. Wol ûnskealik, mar dochs. In oare hobby fan Oene wie fotografearjen. Sûnder mis steane der foto's fan him by de âlde foto's fan De Harkema. Doe 't heit en mem stoarn wiene koe Oene it net mear fine. Syn libben einige troch ynnimmen fan tefolle medisinen. Nei syn ferstjerren kaam oan it ljocht dat er eins in nij ras ierappels útfûn hie. Spitich dat it sa ôfrûn is. Wat bliuwt binne de goede oantinkens dy 't ik oan 'e fam. Van der Meer hat oerhâlden. Anne van der Meer en Lutske Kooistra, Oene Bakker en Lolkje Kooistra, Renze Kooistra en Pietje van der Meulen, Klaas Kooistra en Martje van der Meulen (2 bruorren troud mei 2 susters ), frijfeint Jelle Kooistra (wenne yn it âlderlik hûs) en Hendrik Kooistra en Jantje van der Wijk, 2 susters en 4 bruorren wennen op in klútsje. Op in mêd fan 200 kante meter. Theunis van der Meer (in broer fan Anne) en Trijntje Praamstra wenne ek yn dat gebiet. Yn Harkema-Opeinde wie hast elkenien famylje fan elkenien om 't de minsken earder net mobyl wiene. Yn it oanbegjin hiene se net iens in fyts. Leafst wennen se ticht byinoar, yn har eigen " comfortzone ". In eigen delsetting. Ik wenne ek op dy 200 m en wie in buorjonge fan Theunis en Trijntje. Dat sadwaande. De bern giene op 'e âlde foet fierder. Anne van der Meer en Sijke Spinder wennen by Anne en Lutske op it hiem yn in hok en letter wennen Jelle Hamstra en Rienkje van der Meer hjiryn. Letter wiene se ynwenjend by Anne en Lutske. Sietze van der Meer en Grietje Land en Anne van der Meer en Sijke Spinder bouden in nij hûs op it lân fan heit Anne sr. Se wiene om utens út en thús.
Ils se sont mariés le 11 janvier 1900 à Gemeente: Achtkarspelen, Friesland, Nederland, elle avait 23 ans.Source 4
Houlik register 1900,
argyf nûmer 30-01,
Boargerlike Stân Achtkarspelen
Mei legitimaasje fan in bern
Enfant(s):
Trijntje Simmes Praamstra | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
1900 | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Theunis Sytzes van der Meer |