Tsjerkhôf "Mementö Mori" De Harkema
Reitsmastrjitte 1-A, 9281 LB De Harkema
Il est marié avec Loltje (Annes) van der Meer.Source 2
ingezonden door Lutske Dam met een prachtig verhaal
It is dizze simmer 73 jier lyn.
Op 1 juni 1944 binne ús heit en mem Freerk Dam en Lokke van der Meer troud
Yn it aller beroerdste part fan de oarloch,it wie in hiel gefaarlikke tiid. Der wie neat mear te keap, alles wy krap, mar in brulloft soe der komme.
De hiele familje die syn bêst om de noadige spullen te bemachtigjen.Ome Sietse wurke by de gruthandel fan Wynalda,ome Koop en ome Lammert wiene bakker ,ome Sjoerd hie in bargje slachte en sa soargen se meiinoar dat der in moaie foarried yn de kelder kaam.
Op in nacht, in pear dagen foar de brulloft, waard der hurd op de foardoar bonke .
OPEN MAKEN, SNEL,SNEL,,
Der stiene in stik of fiif lânwachters yn harren swarte unifoarmen by pake en beppe foar de doar.
Se sochten om ús mem har broers, dy’t nei Dútslan moasten foar de arbeidseinzatz.
Der hiene de jongens fânsels gjin sin oan,dus ús pake moast tiidrekke sadat se fuot komme koene.
Hy klaaide him hiel stadich oan en die krekt as koe er de foardoar net iepen krije en stjoerde de mânnen achterom. Se koene de achterdoar mar min fine yn it donker en dat wy krekt de bedoeling. De jonges koene op tiid ûntkomme.
De lânwachters sochten it hiele hûs troch en ek yn de kelder fânsels. De gie in gejuich op, al dat lekkere spul, der soene se wol efkes mei rêdde. Mar ús mem wie net bang útfallen,se gie foar de kelderdoar stean en sei, “Gjin sprake fân, jim bliuwe der of” Ien fan die swatjâssen, dy’t in streepke mear hie sei; Afblijven mannen,dat is voor de bruiloft. Maar dan willen we wel uitgenodigd worden voor het feest !
“Oh nee ,dat gebeurd net, sei ús mem, ik wol jim der net by ha,jim binne net wolkom. Doe’t dy swatjâs frege werom net sei se: Dy swarte pakjes klean dy’t jimme oan ha, mei ik net leije. Se lieten de spullen stean, mei de belofte dat se dochs komme soene.
Hoe moast dat doe fierder.De trouerij soe bij pake en beppe yn de skuorre hâlden wurde en der kamen mear gasten dy’t socht waarden troch de Dútsers.It wie gefaarlik mar se lieten it feest dochs troch gean. By elke doar siet ien fan de feestgongers mei de bile in de oanslach.As der lânwachters of Dútsers kamen, soene se der ynslaan,dat praten se âf, en se hiene it dien ek !
Op de troudei hawwe de lânwachters hiel Harkema ôfsocht, mar koene yn it donker it paad net werom fine.Se binne op it lest op de Betonwei terochte kaam, der wie ek in brulloft oan ‘e gong.Der wiene ek ûnderdûkers by , dy binne doe alle kanten útflein,mar der is gelokkich net ien fan pakt..Dy brulloft wie fânselfs wol knap bedoarn.Efternei ha ús heit en mem wolris sein dat se it sa net wer dwaan soenen, wat hie it in drama wurde kinne. Hiene se der ynslein, dan hiene de Dútsers as represaille heal Harkema útroeid.
Fan de 32 jier dy’t se troud west ha,hawwe se gjin tel spyt hawn en wy ek net, wy hiene noait better âlders treffe kind.
Ils se sont mariés le 1 juin 1944 à Gemeente: Achtkarspelen, Friesland, Nederland, il avait 25 ans.Source 3
Houliksregister 1944,
argyfnûmer 30 -01,
Boargerlike Stân Achtkarspelen -
Enfant(s):
Freerk (Durks) Dam | |||||||||||||||||||||||||||||||||||
1944 | |||||||||||||||||||||||||||||||||||
Loltje (Annes) van der Meer |