Er hat eine Beziehung mit Sijetje Fokkes.
Kind(er):
Roelf Arends mient lykas oaren yn 1750 rjocht te hawwen de grytman te kiezen op grûn fan de eigendom fan in pleats neffens in keapbrief fan 30 april 1722 en in skiedingsakte fan 15 desimber 1727. Nei syn dea docht yn 1768 bliken, dat er kwestje hie mei Arnoldus Alserda. Syn dochter Suywke, de frou fan Roelf Geerts, wol yn april 1769 har part ha fan it erfskip fan har heit, dy 't 1 1/4 jier lyn ferstoarn is. Mar it wie net mooglik yn goedens ta in oplossing te kommen. Har mem en twa fan de oare bern wenje noch op de pleats, mar no 't de saak foar it gerjocht brocht is, wol de mem Sydje wol meidwaan oan de boedelskieding. Der binne seis bern by belutsen. Dy seis bern fan Roelf en Sydje ferkeapje yn 1774 in stik los lân yn Mearum oan Ernst Wygers en de pleats mei lân oan Gerke Lubbes Aikema, dy 't foar syn âlden keapet. Doe sil de mem dus ek ferstoarn wêze. (Bron: Seis Generaasjes Holtrop door K.P. de Boer in het Genealogysk Jierboek 1991.)