Er hat eine Beziehung mit Anna Hemelgaart.
Kind(er):
Ofkomstig fan Munsterlân.
Bernardus Holtrup wie skoalmaster yn Ten Post-Wittewierum, 1621-1624. Hy begjint mei syn stúdzje oan de Grinzer universiteit, ynskreaun op 21 augustus 1620 as "Bernardus Holtrupff Monasteriensis adscriptus fisco gratis". Op 31 desimber 1624 is der in oare skoalmaster yn syn plak kommen. Hy sil dus yn 1624 as dûmny yn Easterwâlde begûn wêze. Tusken 1633 en 1671 fûn ik him neamd yn de proklamaasjeboeken. De eerste kear dat er mei syn frou neamd wurdt, wie yn 1662, de lêste kear mei syn frou wie yn 1671. Hy kin syn wurk net mear dwaan en kriget op 4 april fan dat jier emeritaat. Dêrnei bliuwt er as de "olde pastor Bernardus Holtruph" yn Easterwâlde wenjen. Yn 1675 wurdt der in hûs ferkocht, dat yn de Easterbuorren fan Easterwâlde stie. Fan de iene helte wurdt 8/9 part ferkocht. De dêr neamde ferkeapers binne de ûnder de nûmers 1 o.m. 8 neamde bern en fâden fan de bernsbern van Bernardus Holtrup. Hoewol 't syn namme net neamd wurdt, stiet it foar my fêst dat it hjir om it erfskip fan de olde pastor en syn frou giet. (Bron: Seis Generaasjes Holtrop door K.P. de Boer in het Genealogysk Jierboek 1991.)
Bernardus Holtrup | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Anna Hemelgaart |