'Yn de strange winter fan '28-'29 gie myn pake Oenze Gjaltema op 'e redens fan Stynsgea nei Akkrum om't harren dûmny fan Stynsgea dêre dy sneins syn yntree preek hâlde soe. Op de weromreis begûn it omraak te waaien en it frear dat it kreake. Doe't Pake op 'e Burgumer Mar kaam, koe hy net mear. Doe ha in pear jongfeinten him fûn en him mei nommen nei it kafee yn Skûlenboarch. De kafeehâlder rôp tsjin de jonges: 'Gau dy man nei bûten want syn oantlit is al befêrzen.' Dy feinten ha pake letter thús brocht yn in auto. Gelokkich foel it wat mei mei Pake syn befêrzens. In wike letter ried pake al wer op 'e redens nei Reaskuorre en bleau dêr by in keppeltsje mannen stean. Doe hearden se de klok lieden en doe sei ien fan dy mannen: 'Se sille hjoed dy man begrave dy't snein befêrzen is op 'e Burgumer Mar.' Doe sei pake Oenze: 'Mannen, dat is net wier, want dy selde man stiet hjir foar jimme!'
Er ist verheiratet mit Jantje Nieuwenhuis.
Sie haben geheiratet am 13. November 1909 in Achtkarspelen, er war 24 Jahre alt.
Kind(er):
Großeltern
Eltern
Geschwister
Kinder
Oenze Gjaltema | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
1909 | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Jantje Nieuwenhuis | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Die angezeigten Daten haben keine Quellen.