Er ist verheiratet mit Dieuwke Sakes Wiersma.
Sie haben geheiratet
Kind(er):
Fan Wommels nei Batavia; In Runia om utens (1813-1841)
Eerder gepubliceerde in
Klaaikluten
2010/1:10
Jelle Miedema
Foar de 19
e ieu tinke we by in namme as Runia earder oan plakken yn de Bouhoeke, mei Berltsum foarop, as oan plakken yn de Greidhoeke. Lykwols, earder ha ik, al foar de 17e ieu, in Runia yn Itens fûn (sjoch Klaaikluten 2007/3:7) en dêr kin no, foar de 19e ieu, Wommels oan taheakke wurde.
Yn maaie 1842 krijt Jr. Idsert Frans van Eysenga as amtner fan de boargerlike stân fan de gritenij Hinnaarderadiel in ekstrakt út it stjerregister fan de Residentie Batavia mei de folgjende ynhâld:
‘Uit dit voorschreven register blijkt dat op zondag den eenendertigsten october des jaars eenduizend achthondert eenenveertig te Weltevreden in het Militair Hospitaal, is overleden Hendrik Jans Runia, oud achtentwintig jaren, geboortig van Bolsward in Vriesland, marinier der derde klasse aan boord van zijner mayesteits korvet Triton (…) gewoond hebbende te Wommels, ongehuwd, zoon van Jan en Grietje Martens, wier ouderdommen, beroepen en woonplaatsen niet zijn bekend gesteld, noch of dezelve al dan niet echtelieden zijn en nog in leven of overleden zijn’ (stjerregister Wommels 20.5.1842, Aktenûmer B7).
Wa wie dizze Hendrik Jans Runia en wat die hy yn Wommels foardat hy nei Ynje gong? De earste fraach is makliker te beantwurdzjen as de twadde. Ut syn âldens, berteplak en de nammen fan syn âlden kinne we opmeitsje dat Hendrik Jans Runia, stoarn te Batavia op 31 oktober 1841, op 7 maaie 1813 te Boalsert berne waard as soan fan Jan Hendriks Runia en Grietje Martens. En dêrmei kinne we fierder tebek gean yn ’e tiid. Hendrik Jans’ heit Jan Hendriks wie ek fan Boalsert, dêr berne op 21.10.1787 as soan fan Hendrick Scheltes Runia en dy syn twadde frou Dieuke Sakes. Dy twa wienen ék fan Boalsert, dêr troud op 1 febrewaris 1778, mar dan wiist it spoar nei de Bouhoeke. Hendrick Scheltes is nammentlik in soan fan Schelte Jans Runia, berne op Kleaster Eanjum ûnder Berltsum. We ha hjir dus te meitsjen mei Runia’s fan oarspronklik Berltsum.
Dan de twadde fraach: Wat die Hendrik Jans Runia yn Wommels? Op dy fraach ha ik gjin antwurd, mar in oanwizing yn dy rjochting soe wêze kinne dat hy út in famylje fan master-timmerlju kaam. It is dan hiel goed mooglik dat Hendrik Jans sels ek timmerman wurde soe en yn Wommels as jongfeint ‘ûnder in oare baas’ nije ûnderfining opdwaan moast. Oer de Wommels-tiid fan Hendrik Jans Runia is fierder neat te sizzen, útsein dat hy net yn de boeken fan de tsjerklike gemeente Wommels-Hidaard neamd wurdt. Mar dat is net sa frjemd. De Runia’s fan Berltsum en Boalsert wienen fan hûs út Menist en dus sil Hendrik Jans Runia (Boalsert 1813 – Batavia 1841) dat ek wol west ha.
Grut historysk nijs is dit fansels net, mar dat hoecht ek net. Guon minsken (adel, boeren) wennen eartiids faak fan generaasje op generaasje op in doarp, oaren (dûmnys, masters, soms ek ambachtslju) wienen foarbygongers. In protte Friezen ûnder dy foarbygongers bleaunen yn Fryslân, foar oaren wie it in kwestje fan Frysk, Frij en Fuort. Mar ek foarbygongers binne minsken dy’t diel útmeitsje fan de bewenningsskiednis fan in doarp.
Großeltern
Eltern
Geschwister
Kinder
Hendrik Scheltes Runia | ||||||||||||||||||||||||||||||||||
Dieuwke Sakes Wiersma | ||||||||||||||||||||||||||||||||||
Die angezeigten Daten haben keine Quellen.