koster en boerenarbeider, Akte 182
koster, arbeider, grafsteen te Gauw
Hij is getrouwd met Akke Gerrits Lolkema.
Zij zijn getrouwd op 12 juni 1931 te Wymbritseradiel, Friesland, Netherlands , hij was toen 34 jaar oud.
Kind(eren):
Dizze foto is flak foar de twadde wrâldoarloch nommen; yn 1939 om krekt te wêzen. In skûtsje leit foar de wâl by de brêge. Op dit plak, tsjintwurdich moai bestraten, siet doe in swaaigat. In skip koe dêr mei de kop ynstekke en oanlizze. Sa koe men it ienfâldich lade en losse. Boppedat hoegde it skip allinnich mar wer efterút te stekken om fuort farren te kinnen. Yn de 50er jierren is it swaaigat tichtgoait. Mar oant dizze hjerst ta wie de kaai foar in part noch dúdlik te ûnderskieden. Oan de oare kant fan de Opfeart sjogge jo noch krekt in stikje fan it kostershûs fan doedestiids. Hjir wennen Ymke Jellema en Akke Lolkema en de bern. Ymke Jellema wie koster fan de Herfoarme tsjerke (mar leafst 25 jier) mar tagelyks wie hy ek brêgewipper. Mar dat wie noch net foldwaande om rûn te kommen. Ymke wie ek noch boere-arbeider en skoalleskjinmakker fan de Herfoarme Skoalle yn Gau. Efter hûs stie it húske oftewol de wc. Poepe diene jo doe noch op it tûntsje. Ien kear yn de wike waard de "wisselbeker" sa’t it tûntsje wol neamt waard, ophelle en lege. Foaroan it stalt, in lyts steigerke, dêr’t de wask dien waard of saken omspielt. It âlde hûske fan Willem Osinga is noch foar it grutste part in orizjinele steat.
Ymke Lyzes Jellema | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
1931 | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Akke Gerrits Lolkema |
De getoonde gegevens hebben geen bronnen.